Van harte welkom

Van harte welkom op mijn gedichtenblog.
U mag de gedichten ongewijzigd gebruiken met vermelding van mijn naam.
Voor het verzorgen van een lezing met voordrachten of een workshop kunt u contact opnemen via cobytjeert@live.nl
Er is ook een volledig programma voor Kerst en Pasen.
Mijn boeken zijn verkrijgbaar bij de boekhandel en bol.com en te leen in de bibliotheek.
Voordrachten zijn te beluisteren op https://www.luistergedichten.nl/index.php/component/comprofiler/userprofile/905-poelman Ook is er een interview te beluisteren, https://soundcloud.com/user-671424345/interview-coby-poelman-duisterwinkel-10-07-2017

dinsdag 18 december 2012

Kerstverhaal 2012 "Nieuwe kans in het hoge Noorden", nu ook in het Fries en Gronings



Nieuwe kans in het hoge Noorden

Het was een week voor kerst. Het sneeuwde dikke vlokken. Het leek wel of de wind er krijgertje mee speelde. Er lag nog maar een dun laagje maar Mieke maakte zich zorgen. Peter was op sollicitatiegesprek in het hoge Noorden en zou vanmiddag nog de uitslag krijgen. Mieke keek naar buiten. Er was nog meer sneeuw voorspeld. Ze was gaan strijken om haar gedachten wat rust te geven. Stel dat Peter deze baan nu eens wel zou krijgen. Ze werd uit haar gedachtegang opgeschrikt. Ze trok de stekker uit het stopcontact, zette de strijkbout op het ijzer en rende naar de telefoon.
Toen ze de telefoon neergelegd had zuchtte ze. Waarom kon ze nu niet blij zijn dat Peter de baan gekregen had. Hij had al zo lang gesolliciteerd en elke keer was er een bedankbrief gekomen met de mededeling dat de keus niet op hem gevallen was. Peter was er mismoedig van geworden. Uiteindelijk schreef hij uit balorigheid naar die vacature in het hoge Noorden. Mieke hoopte in haar hart dat hij die baan niet zou krijgen.
Ze pakte de strijkbout weer op en uitte haar opkomende verwarring op zijn overhemd toen de bekende stem van Anneke klonk vanuit de gang. "Joehoe, Mieke, " een klop op de open deur, "Is er iets Mieke, je kijkt zo…. schrik je van me? Heb je die sneeuw gezien? Als je het mij vraagt komt er nog veel meer en kijk die lucht eens. Patrick zei dat er met die wind wel kans op duinvorming is, dat vind ik altijd zo mooi om te zien. Wat is er nu met je." 


Hoe het verhaal verder gaat is te lezen in het boek "Granaatjes met een gouden slot".
Dit boek is opnieuw gedrukt en is op 21 juli 2015 uitgegeven door uitgever Noordboek/Friese pers http://www.noordboekwinkel.nl/granaatjes-met-een-gouden-slot.html en te koop in iedere boekhandel.
Als u dit verhaal gebruiken wilt om te publiceren in uw kerkblad of tijdschrift mag u contact opnemen met de uitgever.




In nije kâns yn ‘It hege Noarden’

It wie in wike foar de krystdagen. De snie foel yn dikke flokken en it like wol oft de wyn der mei boarte. Der lei noch mar in tin laachje, mar Mieke makke har ûngerêst. Peter hie in sollisitaasjegesprek yn it hege Noarden en soe fan ‘e middei de útslach noch krije. Mieke seach nei bûten. Der wie noch mear snie foarsein. Om har tinzen ta rêst te bringen wie se no oan it striken. Wat as Peter dit wurk no ris krije soe… Har tinzen waarden wreed fersteurd; de tillefoan gie. Gau luts se de stekker út it stopkontakt en sette it strykizer del.

It wie Peter........... Nei it tillefoantsje moast se ris djip sykhelje.
Wêrom wie se no net bliid dat Peter it wurk krigen hie… Al sa faak hie ‘d er earne op skreaun en hieltyd kaam der mar wer in betankbrief mei ‘dat de keuze op immen oars fallen wie’. Peter waard der mankelyk fan. Yn in balstjurrige bui skreau hy op in baan yn ‘it hege Noarden’. Mieke hie stikem hope dat hy dizze baan net krije soe...  Se pakte it strykizer wer op en struts fûleindich op it bûsgroentsje fan Peter om.

Ynienen hearde se de stim fan buorfrou Anneke yn ‘e gong. “Joehoe, Mieke,” en in klopke op ‘e iepen doar. “Wat is der, Mieke, do sjochst sa… bist fan my skrokken? Hast de snie al sjoen? Ast it my fregest tink ik dat der noch folle mear komt en sjoch ris nei dy loft! Patrick sei dat no ’t it sa hurd waait der wolris sniedunen ûntstean kinne. Dat fyn ik altyd sa moai om te sjen! Mar wat is der mei dy?”
Mieke kearde har nei Anneke ta en seach de sympatike eagen fan har fleurige buorfrou. Wat soe se har misse. Mieke fertelde har oer de drokte op har wurk fannemoarn, de lange wachttiden by it postkantoar. It like wol oft eltsenien op it lêste momint noch desimbersegels helje moast. Wêr’t se net oer spruts wie it tillefoantsje fan sakrekt fan Peter. Dat hie har aardich yn de besnijing en oft Peter wol feilich thúskomme koe dêr siet se ek oer yn. Hy moast noch op syn minst 3 oeren ride en it begûn aardich te spoekjen bûten...
“Do komst jûn dochs wol op ‘e ‘Passage’, no?” frege Anneke. “We kinne dy net misse yn ús sjonggroepke, hear! Ik woe dy eins freegje oft we dat drege  wyske fan it widzelied noch efkes oefenje kinne by de piano, mar ik sjoch wol datsto dêr no gjin tiid foar hast. Kin ik dy earne mei helpe? Dat wyske komt jûn dan wol wer mei it ynsjongen. Enne…. ast deroer prate wolst…. ik ha wol tiid.”
Mieke hie it freonlik en in bytsje beskamme ôfwiisd. Se koe it der no noch net oer ha; moast earst sels oan it idee wenne. It wie noch sa farsk. Se moast dit earst ferwurkje en betinke wat dit foar harren betsjutte soe.

Peter stapte fluitsjend yn syn auto.  Syn hert hie in spronkje makke doe’t hy hearde dat se him keazen hiene. HY HIE WER WURK!!! Der foel in lêst fan syn skouders. En wat wie de wrâld hjir moai! De snie makke der noch wat ekstra feestliks fan. Noch mar net daliks nei hûs. Hy woe earst wat rûnride hjir yn dit moaie winterske lânskip. Yn sommige doarpkes wiene de beammen mei lampkes fersierd. Net allinnich de krystbeammen mar ek de gewoane. En wat in nuvere plaknammen kaam hy tsjin: Appingedam, Garrelsweer, Loppersum… typysk Grinzers.
Dat Mieke no krekt fan ‘e moarn wurkje moast. Se soe it hjir moai fûn ha.
Hy kaam in boer foarby dy’t him neiseach. Peter die de hân omheech. Hy hie in bêst sin. Yn ’e fierte kaam in frachtauto oanriden. De diken wiene hjir smel en de snie foarme al dúntsjes. De plakken dêr’t jo elkoar foarby koene wiene net goed te sjen. Hy moast de auto mar efkes op dy boer syn daam  oan ’e kant sette. De frachtauto wie al tichteby. Hy fielde de luchtdruk fan de foarby ridende frachtwein. Mei de fersnelling yn de 1 mar wer oplûke… de tsjillen draaiden wol, mar foarút: ho mar... Hy siet fêst!
Troch de snie seach hy ek neat lizzen wat him helpe koe fan ’t plak te kommen. Miskien dat syn rubberen automatte wat wie…? Doe seach er yn ‘t spegeltsje dat dy boer fan sakrekt wat meneuvels makke op syn hiem. In pear tellen letter kaam ‘er op syn trekker oanriden. Hy rôp: “Fang! Hoal hom moar deur ’t oog, den zet ik hom der veur.”

Mieke hie al gauris nei bûten sjoen oft Peter der al oan kaam. Oeral leine no sniedúntsjes. Hy hie dochs al lang thús wêze kind? Mar wer op it horloazje sjen en mar wer troch it rút. It iten fertutearze. Doe’t se it lûd fan de VW hearde, sykhelle se wer ferromme en kaam der lucht. Peter kaam optein de keamer yn en kloppe de snie fan syn jas en stampte syn skuon skjin. “Mieke, sa’n moaie dei! en wat rûkt it hjir lekker! Ik ha sin oan wat!” Hy pakte har by de earms en seach har oan: “Bist net bliid, Mieke, dat se my dy kans jûn ha… en dat op myn leeftyd! Ik ha noch wat rûnriden om te sjen wat der te keap stiet. Huzen binne dêr goedkeaper as hjir. Dêr kinne we wat foar ússels keapje. Oeral steane frijsteande huzen mei grientetúntsjes. Dat woesto doch sa graach? Mieke ..... , wat is der mei dy, moast dêr om gûle?”
Doe’t se Peters hannen fielde koe se har net mear goed hâlde. Mei hoarten en stjitten fertelde se oan him dat se sa oer him yn noed sitten hie. Dat se der tsjinoan seach om hjir wei. Wat se allegear opjaan moast: har lytse baantsje, har freondinnen, it koar, de tsjerkeminsken, de lêskring, de ‘Passage’,har frijwilligerswurk, de buorlju… en it slimste wie dat se aanst fier fan harren dochter Jantien ôf wenje soene en se krige oer in pear wiken in lytse poppe! Dan soe se dêr nedich wêze, krekt no! Se gûlde it derút; wêr ’t se har fannemiddei sa drok oer makke hie.

In bytsje stil siet se jûns neist Anneke. Se hiene songen, nei moaie muzyk harke en no wiene se oan it meditearjen.
Se fielde har as Maria mei Joazef, doe’t dy troch Bethlehem kamen. Maria, yn ferwachting, Joazef dy’t him ferantwurdlik fielde, op syk nei in plakje foar de nacht. Oeral waarden se wer fuort stjoerd. Oeral wie it al sa fol en no wie it krekt of fielde se de weeën fan Maria, de wurgens fan de lange reis, alles frjemd, gjin bekenden dy’t jo helpe koene. Maria hie dapper har man folge, se hie gjin kar, skikte har neffens de omstannichheden. Sy moast ék alles ferlitte en se rûn noch wol op alle dagen! Al dy prakkesaasjes... Mar ynienen kaam der in rêst oer Mieke; se fielde de soargen fan har ôf glydzjen. As Maria it koe, dan sy dochs ek? Earme Peter, se hie allinnich mar oan harsels tocht en wie net iens bliid foar him west.

Peter brocht in troch Mieke makke kryststikje nei syn heit. Dy wie fêst ek benijd oer hoe ‘t it ôfrûn wie mei syn sollisitaasje... De man syn eagen stiene blier. Wat wie hy bliid foar Peter. Fansels... de wyklikse besite fan Peter soe er dertroch wol misse moatte, mar hy wist wol dat it tige wichtich foar Peter wie om wer wurk te hawwen, hoe nutteleas as Peter him field hie.
Peter hie sein dat Mieke it wol swier fûn. No, dat koe syn heit him wol yntinke. Se hie har hjir sa thúsfield yn dizze mienskip. Se hie har bot foar it frijwilligerswurk ynset, waard wurdearre. It soe foar Mieke wol it dreechste wurde. Wat hie dizze besite oan syn heit Peter goed dien...

Mieke rûn mei har buorfrou troch de snie nei hûs, neipratend oer de moaie jûn. By de foardoar winske se Anneke in goede nacht en draaide de kaai yn ‘t slot. Doe’t se de keamer ynkaam seach se ûnrêst yn Peter syn eagen. Hy gong stean en luts har nei him ta en flústere:”Leave, ik ha hieltyd oan mysels tocht. Ik wie sa bliid dat ik dizze kâns krige. Ik seach it hielendal foar my: Wy, tegearre yn dat rêstige ‘Noarden’. Lekker fytse nei it waad... in frijsteand hûs mei in tún..., mar ik ha te min om dy tocht en watsto hjir opboud hast en no wer loslitte moatst. Ik gie dêr hielendal oan foarby, ik...”
Mieke fielde in brok yn ‘e kiel. Se slokte in pear kear foar ‘t se sizze koe: ”Peter, ik ha ek tefolle oan mysels tocht. Do hiest al sa faak sollisitearre en no krekt dizze iene kear datsto sa fier fuort moast en ik der eins op hope datsto dat wurk net krije soest, betocht ik nei dyn tillefoantsje wat dit betsjutte soe foar ús”. Se socht har bûsdoek en snute har noas.
Se seach Peter oan. ”Mar ik ha ek neitocht”, en se fertelde wat der troch har hinnegien wie ûnder it meditearjen dy jûn en hoe ‘t se rêstiger waard en har hert iepengie foar it positive fan alles, want as nij ynkommenen fan in oare gemeente soene se wer nije kunde opdwaan. Dat hie wol wer wat moais. Miskien koe se har dêr ek fertsjinstlik meitsje. Dêr wie fêst ek wol in Passage-ôfdieling en in lêskring. Miskien ek wol in koar wêr’t se by sjonge koe. En oeral wiene dochs frijwilligers nedich? En in grientetún wie fansels prachtich! Allinnich Jantien wie dan wol fierder fuort en skoanheit.
“Mar Mieke, dát hoecht dochs gjin beswier te wêzen? We ferdwine net fan dizze ierdbol. We kinne geregeld dizze kant útgean en we meitsje in út-fan-huzerskeamerke en keapje in babyledikantsje. It sil foar de lytse poppe dochs hearlik wêze om yn ‘e tún te boartsjen yn ‘e frisse lucht. Dy is dêr folle skjinner as hjirre.
En ik ha dy noch net iens ferteld dat de minsken dêr hiel aardich binne en behelpsum en se ha sa’n grappich dialekt! Ik kaam fêst te sitten yn ‘e snie en doe kaam samar in boer mei syn trekker om my los te lûken. Ik snapte neat fan wat er sei, mar we ha sa lake. Hy hie my samar ‘lös’, sa as hy dat sei...! Do silst it der wol nei it sin ha, wier!”

De oare deis stie der by Anneke in fleurige buorfrou yn ‘e keamer. “Anneke, ik moat dy wat fertelle: Peter hat in nije baan en no moatte we ynkoarten ferhúzje. Dêrom wie ik juster sa fan ‘t sintrum. Dat hiesto goed sjoen. Ik hie der sa ‘n muoite mei alles hjir los te litten, mar nei dy meditaasje fan justerjûn, doe’t ik betocht dat Maria eartiids ek alles achterlitte moast om nei Bethlehem te gean, kaam der mear romte yn my. Sy koe it ek...
Se fertelde Anneke fan har swierrichheden en  dat se no ferromming hie  en der wer moaie foarútsichten wiene.
Anneke sette har kopke del en seach har ferheard oan en sei:”Mieke, ik sjóch dat der wat bysûnders mei dy bard is. Wat in ferskil mei juster, doesto mei reade eagen achter de strykplanke stiest. De blierens strielet fan dy ôf. Do fynst dyn plakje wol dêr yn dat hege Noarden!



Nije kaans ien t hoge Noorden

t Was n week veur kerst. t snijde dikke vlokken. t Leek wel of wiend der met aan hoal ging. Der lag nog mor n dun loagje mor Mieke moakte zich zörgen. Peter was op sollicitoatiegesprek ien t hoge Noorden en zol vanmirrag nog uutslag kriegen. Mieke keek noar boeten. Der was nog meer snij veurspeld. Ze was mor aan t strieken goan om wat tot rust te kommen. Stel je veur dat Peter dit waark nou es wel kriegen zol. Ze schrok van t geluud van telefoon, trok stekker uut stopcontact, zette t striekiezer op zied en nam op.

Toen ze oplegd haar zuchtte ze. Woarom kon ze nou nait gewoon bliede weden dat Peter de boan kregen haar. Hai haar al zo laang solliciteerd en elke keer was er n braif kommen dat de keus nait op hom vallen was. Peter was er mismoudeg van worden. Op n duur schreef er uut baloreghaid noar n advertentie ien t hoge Noorden. Mieke hoopte ienwendeg dat er dit waark nait kriegen zol.
Ze pakte t striekiezer weer op en leefde heur gevuil uut op zien overhemd toen de stem van buurvrouw deur gaang hen raip “Joehoe, Mieke, “n klop op de open deur, “Is er wat Mieke, doe kiekst zo…. schrikst van mie? Hest aal dat snij zain? Ast mie vroagst komt er nog veul meer en kiek es noar lucht. Patrick zee dat er met dizze wiend wel es snijdunen kommen kennen, dat vien k altied zo mooi om te zain. Wat is er nou met die.”
Mieke keek ien de laive ogen van heur gezellige buurvrouw dai altied optimistisch was. Wat zol ze heur missen.
Ze vertelde over de drokte op heur waark vanmörn, de lange wachttied bie t postkantoor, t leek wel of elkenain op t leste ogenblik nog decemberzegels hoalen mos. Wat ze verzweeg was t telefoongesprek van zonet dat heur nog t maist bezig huil en of Peter ien dit weer wel heulhuuds thuuskommen zol. Hai mos nog zeker 3 uur rieden en boeten wer t aal grimmeger.
“Komst toch wel op Passage,” vroug Anneke. “Wie kennen die nait missen ien ons zanggroepke hor! k Wol die vroagen of wie dat moeileke loopke van t waigelaid nog even deurzingen konnen bie piano mor k zai wel dast doar nou gain tied veur hest. As k aargens met helpen ken den zegst mor. Dat loopke kommen wie vanoavond wel uut met t ienzingen. Enne, as t proaten wilst, ik heb t wel even aan tied.”
Ze haart n beetje beschoamd ofwimpeld omdat ze der nou nog nait over proaten kon, eerst mos ze zulf aan t idee wennen. t Was nog zo vers. Ze mos dit eerst verwaarken, noadenken wat t veur gevolgen haar.

Fluitend sprong Peter ien auto. Wat was er blied west dou der heurde dat ze veur hom kozen haren. Hai haar waark! Der viel n last van zien schollers. Wat was de wereld hier mooi. De snij moakte t nog mooier. Hai ging nog nait vot noar huus. Hai wol hier nog wat rondrieden in dit mooie winterse landschap. Ien summege dörpen waren de bomen boeten met lampkes versierd. Nait allenneg kerstbomen mor ook andere bomen. Wat n biezundere ploatsnoamen kwam er tegen. Appingedam, Garrelsweer, Loppersum, typisch Grunnens.
Schanne dat Mieke juust vanmörn waarken mos. Wat zol ze t hier mooi vonnen hemmen. Hai kwam n boer tegen dai noar hom knikte en hom noakeek. Hai zwaaide noar de boer, hai haar n geweldig humeur. Ien de verte zag er n vrachtwoagen aankommen. De wegen waren hier smal en de snij begon ien bultjes te liggen,  deur de wiend waren t snijdunen worden. Peter kon de passeerhoavens nait goud meer onderschaaiden. Hai mos mor proberen auto aan kaant te zetten, de vrachtwoagen was al dichtbie kommen. Zo goud en kwoad as t ging zette hai auto aan kaant. Hij vuilde de luchtdruk langs hom schoeven, zette de versnelling ien de 1 en wol weer votrieden. Der kwam gain bewegen ien. De wielen draaiden mor auto kwam nait van zien plak. Wat er ook dee, hai zat vast.
Hai keek of er n plaank of zukswat zag dai er veur zien baand schoeven kon mor naargens was wat te bekennen. Wacht es, as er zien rubber mat der nou es veur legde. Hai keek nog es om zich tou, dou zag er de boer die nog zo vrundlek noar hom knikt haar. Dai geboarde noar hom en laip zien aarf op.
Even loater kwam er der ien n trekker aanrieden. Hai haar n touw bie zich, goeide t Peter tou en raip “vang! Hoal hom mor deur t oog, den zet ik hom der veur.”

Mieke haar al voak es noar boeten keken of Peter al kwam. Overal lagen al bulten snij. Hai haar allaang thuus weden kennen. Ze keek op heur horloge, den weer deur t roam. t Eten begon al oareg te verpieteren. Wat was ze oplucht dou ze t bekende geluud van auto heurde. Peter kwam met n glunder gezicht ien huus. Klopte snij van zien jas oaf, stampte met zien vouten,  “Mieke, is t nait geweldeg, wat roekt t hier lekker, ik heb honger as n peerd”. Hai pakte heur bie de schollers, keek heur aan: “Bist nait bliede laaiverd dat ze mie dai kaans geven hemmen op mien leeftied? k Heb doar nog even rondreden en keken wat er aalmoal te koop stait. Huzen bennen doar veul goedkoper as hier. Wie zollen doar wel n aigen huus kopen kennen. k Zag zukse mooie vrijstoande huzen met overal groentetoenen, dat wolstoe toch altied zo groag? Mieke, wat is er nou, most doar nou om janken?”
Ze vuilde Peter’s aarms en kon zich nait meer goud hollen.
Met horten en steuten vertelde ze hom hou ze ien zörg zeten haar of er heulhuuds thuus kommen zol, hou moeilijk ze ofschaid nemen kon van heur leven hier.
Wat ze allemoal opgeven mos, heur parttime boantje, heur vriendinnen, t koor, mensen van kerk, de leeskring, Passage, heur vrijwillegerswaark, de buren en t alleraargste, hou ver ze straks van heur dochter of wonen zollen dai over n moand n baby kreeg en heur zo neudeg hemmen zol, juust nou. Met grode uuthoalen kwam t eruut woar ze zich zo drok om moakt haar vanmirrag.

Stil zat ze ‘s oavonds noast Anneke. Ze haren zongen, noar mooie meziek luusterd en nou luusterde ze noar de meditoatie.
Ze zag veur zich hou Maria met Jozef deur Bethlehem laip en bedoacht hou zai zich vuild haar. Maria hoogzwanger, Jozef dai zich verantwoordelek vuilde, zuikend noar n plek om te sloapen, overal nul op t rekest, - Peter haar ook overal nul op t rekest kregen -, overal mensen dai raipen dat t vol was, ze vuilde host de weeën van Maria, heur vermuidhaid van de lange rais, alles vremd, gain bekenden dai n handje helpen konnen, toch was Maria dapper met heur man metgoan, zai haar ook gain keus, zai schikte zich ien de omstandegheden, zai mos ook alles achterloaten en nog wel ien hoogzwangere toustand.
Hou kwam ze nou zomoar aan dizze gedachten, de rust dai over heur kwam, ze vuilde alle zörg en muite uut zich vottrekken.
As Maria heur weg zo moudeg goan kon, den kon zai t toch ook?
Arme Peter, ze haar allenneg aan zichzulf doacht en was nait ains bliede veur hom west.

Peter was nog even met n kerstbakje noar zien pa goan. Mieke haar heur haile ziel en zoaleghaid derien legd. Zien pa was vast heul benaaid hou t vanmirrag oflopen was. Hai haar hom met glimogen aantroffen. Wat was er bliede veur Peter west. Natuurlijk zol er de aanloop missen mor hai wis hou belangriek t veur Peter was om weer waark te hemmen, hou nutteloos hai zich vuilde.
Peter haar hom ook verteld dat Mieke der zo’n muite met haar. Dat kon zien pa  heul goud begriepen. Mieke vuilde zich hier zo thuus, ze haar zich veur zoveul vrijwillegerswaark ienzet en wer zo woardeerd, t zol veur Mieke nog t moeilijkst weden.
Wat haar dit bezuik aan zien pa hom goud doan.

Mieke laip met heur buurvrouw deur de snij noar huus, noaproatend over de mooie oavond. Ze zee Anneke weltrusten en draaide sleutel ien t slöt. Dou ze ien koamer kwam zag ze onrust ien Peters ogen.
Hai ging stoan, trok heur noar zich tou en fluusterde: “Laiverd, k heb aal aan miezulf doacht, k was zo bliede dat ik dai kans kregen haar, k zag t heulemoal veur mie, wie soamen ien dat rustege Noorden, lekker fietsen langs t wad, n vrijstoand huus met n toen, mor k heb veel te min aan die doacht en wastoe hier opbouwd hest en allemoal lösloaten most. Ik….”
Mieke vuilde heur keel dik worden. Ze slikte n poar keer veur ze uutbroacht: “Peter,  ik heb ook te veul aan miezulf doacht. Doe hast al zo voak solliciteerd en nou net dai keer dast zo ver vot most en ik er aigenlek op hoopte dast dit waark nait kriegen zolst haar ik noa dien telefoontje ienains deur wat dit veur ons ienhuil,” ze zocht heur zakdouk, snoot heur neus.
Toen keek ze Peter aan, “Mor ik heb ook noadoacht” en ze vertelde wat er deur heur hengoan was onder de meditoatie vanoavond en hou ze tot rust kommen was bie dizze gedachten, dat heur haart open goan was ien t licht zet wer. Hou ze ienains heule mooie gedachten kregen haar.
As nije leden ien n andere kerk zollen ze nije mensen tegenkommen, dat haar ook weer wat moois; misschain kon ze zich doar ook wel nutteg moaken; doar zol vast ook wel n Passage-oafdeling weden en n leeskring, misschain ook wel n koor woar ze ien metzingen kon en overal bennen vrijwillegers neudeg en n groentetoen is natuurlek heerlek, allain Jantien, ze zol zoveul verder van Jantien weden en van zien pa. 
“Mor Mieke, dát huft toch gain probleem weden, wie goan de wereld nait uut, wie kennen toch regelmoateg dizzze kaant opgoan en wie kennen wel n logeerkoamertje ienrichten en n ledikantje kopen. t Zal veur t lutje ding toch heerlijk weden ien toen te speulen ien lekkere frisse lucht. De lucht is doar veul schoner as hier.
En dat heb ik die ook nog nait verteld, mensen benne doar hail oareg, hail behulpzoam en ze hemmen n alleroaregst dialect, ik zat vast ien snij en n boer kwam mie met zien trekker löstrekken, ik snapte der niks van wat er zee mor we hebben er zo om lacht en hai haar mie zo lös zoas hai dat zee, echt, zalst die doar hailemoal op dien plak vuilen.”

Volgende mörn trof Anneke n opgewekte buurvrouw op stoep.
“Anneke, k wil die wat vertellen, Peter het waark kregen en nou goan wie over n poar moand verhuzen. Doarom was ik guster nait heulemoal miezulf, haarst t goud zain. k haar der zo’n muite met om alles hier lös te loaten mor noa de meditoatie gusteroavond is er zo’n vrede ien mie kommen. Toen k aan Maria doacht hou zai alles lösloaten mos om noar Bethlehem te goan brak er wat ien mie en kwam er roemte.” Ze vertelde Anneke wat heur zo ien beslag hollen haar en dat er nou nije gedachten ien heur opkommen waren, mooie gedachten woar vreugde doorhen laip en toukomstperspectief.
Anneke zette heur kopke op toavel, keek heur vol bewondering aan, boog zich noar Mieke tou en zee: “Mieke, ik zai aan die dat er wat biezunders gebeurd is. Zoas ik die gustermirrag aantrof achter striekplaank met die jankogen, en zoast hier nou tegenover mie zitst met n glimmend gezicht en n zaachte glans, ain dai zo ontvankelek is zal ien dat hoge Noorden zeker een plak vienden!”

Coby Poelman - Duisterwinkel
 

Geen opmerkingen:

Een reactie posten